maandag 21 december 2009

zondag 20 december 2009

Krystgedicht fan Sikke Dantuma

Sikke Dantuma (Dokkum 1943), kenne jo him noch? Ien, tige tin dichtbondeltsje hat er publisearre: 'Kuierje oer it libbenspaad' (1971). It wurdt tyd foar in comeback! Dêrom hat Omrop Knilles Dantuma utnoege om foar de mikrofoan in fers foar te lêzen:

Kryst

Ik rin troch de strjitte
alles is ferlitten
alles is fuort

Der is allinnich mar snie
snie en iis
de minsken binne allegear fuort

zondag 15 november 2009

Opnames Literêr Sirkwy 15-11-2009

Omrop Fryslân docht neat oan Poëzij. Omrop Knilles al!

At de titels net klopje, jou it dan mar troch!

Jelle Zwart: by de Barbier
Job Degenaar: Pelsaert verlaat de rede van Texel ...
Yva Hokwerda: Centaurea Cyanus
Hein Jaap Hilarides: Frouljus fastighyd.
Teije Idzardi: Fers nû. 4
Henk van der Veer: Klompehok foor de hel
Marije Roorda: Oan board...

Ek oanwêzich yn it Snitser Skipfeartmuseum wie Elske Kampen.






Wy kinne hast net langer wachtsje op har earste bondel...

zondag 1 november 2009

Fansels, nij gedicht fan Cornelis van der Wal

Noch net publisearre, want justernacht skreaun. It filmke is wat mislearre, mar dat past der wol by...

maandag 19 oktober 2009

Literêr Sirkwy 18-10-2009

Opnamen makke mei myn âlde Treo 650. Ferslach fan dit barren...

Elmar Kuiper: Dima
Janneke Spoelstra: Ierappelgedicht
Anne Feddema: De dea mei gjin spek
Simon Oosting: Nei de stêd
Hidde Boersma: Ik slikje triennen yn
Ruurdtsje de Haan: Op moaie froulju
Aafke Koster: Ik kaam in libben tsjin

woensdag 14 oktober 2009

Hylke Tromp oer Kening Kees

De grutte literatuerkenner Hylke Tromp oer de novelle Kening Kees, fan Cornelis van der Wal

dinsdag 8 september 2009

Eksklusyf petear mei Gysbert-winner Anne Feddema

Alle oare media lieten it ôfwitte, mar nei in yntinsive speurtocht yn de Ljouwerter binnenstêd trof Omrop Knilles de priiswinner oan op in terras oan de Nijstêd...
Hjir in filmke, makke mei myn telefoantsje. Dus wat mindere kwaliteit. Mar al in primeur!

Lokwinske Anne!

woensdag 22 juli 2009

Protestlietsje net op de Omrop! No wol as mp3!

Foar op jo mp3 spiler: no del te laden 'Bin der problemen' fan Piet en Knilles. Klik hjirre.

En Omrop Fryslân jout gjin antwurd op myn emails. Wy kinne yndied fan in Boykot sprekke. Wy moatte oannimme dat de gesachsgetrouwe Omrop de fingers net baarne wol. Jo kinne it ek broekjeskiters neame.

zondag 7 juni 2009

zondag 12 april 2009

zaterdag 7 maart 2009

Jacobus Q Smink draacht foar




















Jacobus Q Smink draacht foar: it fers 'Don't blame the flame' út ensafh nû. 1 Harkje hjirre

zondag 22 februari 2009

maandag 16 februari 2009

Anne Feddema lêst trije fersen






















Krij it jannewaris-nûmer fan de Moanne der mar efkes by! Anne Feddema lêst de dêryn publisearre fersen foar, spesjaal foar Omrop Knilles.



Anne Feddema:

Herkules yn ’e tún fan ’e Hesperiden

Eangstme foar ús clown
Rekkenskip

zondag 8 februari 2009

Unbekinde opname Obe Postma ûntdutsen!

Omrop Knilles is de argiven yndûkt en hat in oant no ta ûnbekinde opname fan Obe Postma ûndutsen! It giet om it folgjende fers:

GERS HELJE

Hjoed haw ik wat fan it oerbestean fan de Fryske boereman sjoen!
Ik siet yn 'e fuorge en de kopkes fan de bûterblommen seach ik sêft
hin-en-wer weevjen.
Dêr oerhinne seach ik in man dy't gers byinoar harke,
Stadich rint er foarút, it strinkje lans;
Dan komt der in hynder-en-wein oan, al mei wat gers der op;
In man mei in foarke nimt gers fan it strinkje en stekt it op - op 'e wein;
Ider kear sjoch ik de plokken ut de loft op 'e wein fallen;
It hynder slacht mei de sturt.

O jimme 'dichtergeneraasjes', foar- en nei-oarloggers,
O jimme besprekkers dy't mei magyske keunst oerwinne wolle,
Wat sizze jimme fan dizze libbens-oade?
Fleantugen raze oer my hinne en fine wylgeplúskes sweve by my lâns.
Fryslân! De wrâld!


Harkje nei dizze histoaryske opname.

maandag 2 februari 2009

zondag 1 februari 2009

Muzyk op Omrop Knilles!

Fansels mei ek de muzyk net ûntbrekke op Omrop Knilles. Ik doch it no earst noch efkes sels, mar it stiet jo frij ek selsmakke muzyk (leafst as mp3) nei de Omrop te stjoeren.

Mar no dus: in fleurich Frysk ferske, op tekst fan Douwe Kalma. Reingeroften, sa hjit it en it stiet hjirre.

zaterdag 31 januari 2009

Petear mei Cornelis van der Wal

Ja, der moat ien de earste wêze: in oangripend petear mei Cornelis van der Wal.

Omrop Knilles: The Beginning

Der wurdt net in soad oan literatuer dien by de Frysktalige media. Dêr komt no feroaring yn!

Op dit plak sille petearen mei en foardrachten fan Fryske dichters en skriuwers te belústerjen wêze, om it gat dat Omrop Fryslân falle litten hat op te foljen. Omrop Knilles is dus eins in soarte fan podcast. Of sa. It doel is om ien kear yn 'e wike in nij item ta te foegjen. Wy sjogge wol.

Der is fansels ek romte foar streektalen en dialekten. En och vooruit, as it net oars kin dan mei it ek yn it Hollânsk/Nederlânsk.

De ferwachting is dat Omrop Knilles in soad besikers krije sil. Dat, hawwe jo der belang by en
lit jo lûd hearre fia it ynternet? Wolle jo in nij fers foarlêze of hawwe jo krekt in nij boek skreaun? Of wolle jo wat kwyt, sit jo wat dwers op Fryske literêr mêd? Nim dan kontakt op fia it adres keeswalstraxxgmail.com (de xx ferfange troch @). De petearen en foardrachten kinne gewoan fia de telefoan dien wurde- der sit in opname-mooglikheid op myn mobyltsje, mei in hiel reedlike kwaliteit- of jo komme del yn myn (lytse) studio. Allegear fergees fansels.
De opnamen wurde allinnich foar dizze side brûkt.

Cornelis van der Wal

Letter hjoed it earste petear, dat ik soe sizze: set Omrop Knilles by jo feeds!