zondag 28 november 2010

OMROP KNILLES OP DE RADIO!

Omrop Knilles sil de kommende wiken te beharkjen wêze fia MercuriusRTV. Alle woansdeis tusken 14:00 en 15:00. Omrop Knilles Radio is te beharkjen yn Ljouwert en omkriten fia de ether op FM 106,1 MHZ. En fia it ynternet mei dizze link:

http://www.mercuriusrtv.nl/index.php/radio/luisterlive

Alle wiken is der in petear mei in Fryske dichter/skriuwer en in literêre aginda en literêr nijs. Dit allegear ôfwiksele mei alternative en/of klassike muzyk.

Der hawwe al útstjoeringen west mei as gasten Albertina Soepboer en Henk van der Veer.

It kin dus wol, Fryske literatuer op de radio! Omrop Fryslân lit de saak fersloere, Knilles sjocht it as syn taak om op serieuze wize mei Frysktalige skriuwers om te gean.

Ek alle wiken in greep yn it argyf fan Duo von Däniken. Der soe gjin Frysktalich kabaret mear wêze? Kom no...

Alle woansdeis tusken 14:00 en 15:00 oere Omrop Knilles!