zondag 28 november 2010

OMROP KNILLES OP DE RADIO!

Omrop Knilles sil de kommende wiken te beharkjen wêze fia MercuriusRTV. Alle woansdeis tusken 14:00 en 15:00. Omrop Knilles Radio is te beharkjen yn Ljouwert en omkriten fia de ether op FM 106,1 MHZ. En fia it ynternet mei dizze link:

http://www.mercuriusrtv.nl/index.php/radio/luisterlive

Alle wiken is der in petear mei in Fryske dichter/skriuwer en in literêre aginda en literêr nijs. Dit allegear ôfwiksele mei alternative en/of klassike muzyk.

Der hawwe al útstjoeringen west mei as gasten Albertina Soepboer en Henk van der Veer.

It kin dus wol, Fryske literatuer op de radio! Omrop Fryslân lit de saak fersloere, Knilles sjocht it as syn taak om op serieuze wize mei Frysktalige skriuwers om te gean.

Ek alle wiken in greep yn it argyf fan Duo von Däniken. Der soe gjin Frysktalich kabaret mear wêze? Kom no...

Alle woansdeis tusken 14:00 en 15:00 oere Omrop Knilles!

zondag 24 oktober 2010

Literêr Sirkwy, Poppenwier 24-10-2010

Literêr Sirkwy, Poppenwier 24-10-2010. Muzyk fan Wiebe Kaspers en Rob du Jardin.

Aafke Koster: Sinne



Elmar Kuiper: Ôfrekkening 1



Sytse Jansma: Harns op hol



Edwin de Groot: Roomske monolooch

dinsdag 14 september 2010

Kaspar Hauser Suite Anne Feddema en Martin Beekman

Live yn Tresoar op 11-09-2010. Anne Feddema en Martin Beekman. Nei oanlieding fan de Gysbert Japixpriis 2009.






zaterdag 31 juli 2010

Wytse Deinum: in fergetten Frysk dichter


Wytse Deinum libbe fan 1958 oant 2003. Hy hat neat publisearre, mar dat er in dichter wie stiet fêst. Hy lies altyd itselde gedicht foar, de hiele dei oanien. Ik haw neifraach dien by syn famylje en freonen, mar net ien kin de tekst reprodusearje.

Deinum waard berne yn Wommels, mar ferhuze letter nei Ljouwert. Hy hat syn hiele folwoeksen libben yn de bystân en yn de kroech sitten. Alkohol en drugs hawwe syn lichem sloopt.

Dit is in oprop oan minsken dy't faaks noch teksten fan Deinum yn har besit hawwe, of op oare wize ynformaasje jaan kinne.

dinsdag 13 juli 2010

Fize Kabouter

In moai lietsje oer in Kabouter. Oerienkomsten mei besteande Kabouters binne folslein tafallich.



dinsdag 20 april 2010

Hylkje-jûn, 19-04-2010

Bylden fan de jûn oer Hylkje Goïnga yn de Snitser bibletheek.

Petear fan Henk van der Veer mei Akky van der Veer



Petear fan Henk van der Veer mei Thys Wadman



Grytsje Schaaf lêst foar út har bondel 'Sûnder sweltsjes'