It is krekt as mei de tillefoan mei Boorsma; ast net trochfregest leit de hoarn alwer op 'e heak. Fiif minsken dy 't er aardich fynt tsjinkomme op ien jûn... is dat net geweldich?
Der wurdt net in soad oan literatuer dien by de Frysktalige media. Dêr komt no feroaring yn!
Op dit plak sille petearen mei en foardrachten fan Fryske dichters en skriuwers te belústerjen wêze, om it gat dat Omrop Fryslân falle litten hat op te foljen. Omrop Knilles is dus eins in soarte fan podcast. Of sa. It doel is om ien kear yn 'e wike in nij item ta te foegjen. Wy sjogge wol.
Der is fansels ek romte foar streektalen en dialekten. En och vooruit, as it net oars kin dan mei it ek yn it Hollânsk/Nederlânsk.
De ferwachting is dat Omrop Knilles in soad besikers krije sil. Dat, hawwe jo der belang by en lit jo lûd hearre fia it ynternet? Wolle jo in nij fers foarlêze of hawwe jo krekt in nij boek skreaun? Of wolle jo wat kwyt, sit jo wat dwers op Fryske literêr mêd? Nim dan kontakt op fia it adres keeswalstraxxgmail.com (de xx ferfange troch @). De petearen en foardrachten kinne gewoan fia de telefoan- der sit in opname-mooglikheid op myn mobyltsje, mei in hiel reedlike kwaliteit- dien wurde, of jo komme del yn myn (lytse) studio. Allegear fergees fansels. De opnamen wurde allinnich foar dizze side brûkt.
It is krekt as mei de tillefoan mei Boorsma; ast net trochfregest leit de hoarn alwer op 'e heak. Fiif minsken dy 't er aardich fynt tsjinkomme op ien jûn... is dat net geweldich?
BeantwoordenVerwijderenJa, dêr dogge jo it foar! Dit wie nammers in telefoanpetear...
BeantwoordenVerwijderen