zaterdag 31 januari 2009

Omrop Knilles: The Beginning

Der wurdt net in soad oan literatuer dien by de Frysktalige media. Dêr komt no feroaring yn!

Op dit plak sille petearen mei en foardrachten fan Fryske dichters en skriuwers te belústerjen wêze, om it gat dat Omrop Fryslân falle litten hat op te foljen. Omrop Knilles is dus eins in soarte fan podcast. Of sa. It doel is om ien kear yn 'e wike in nij item ta te foegjen. Wy sjogge wol.

Der is fansels ek romte foar streektalen en dialekten. En och vooruit, as it net oars kin dan mei it ek yn it Hollânsk/Nederlânsk.

De ferwachting is dat Omrop Knilles in soad besikers krije sil. Dat, hawwe jo der belang by en
lit jo lûd hearre fia it ynternet? Wolle jo in nij fers foarlêze of hawwe jo krekt in nij boek skreaun? Of wolle jo wat kwyt, sit jo wat dwers op Fryske literêr mêd? Nim dan kontakt op fia it adres keeswalstraxxgmail.com (de xx ferfange troch @). De petearen en foardrachten kinne gewoan fia de telefoan dien wurde- der sit in opname-mooglikheid op myn mobyltsje, mei in hiel reedlike kwaliteit- of jo komme del yn myn (lytse) studio. Allegear fergees fansels.
De opnamen wurde allinnich foar dizze side brûkt.

Cornelis van der Wal

Letter hjoed it earste petear, dat ik soe sizze: set Omrop Knilles by jo feeds!

1 opmerking: